Home Wie ben ik Wat doe ik Portfolio Boeken Blog Contact

Pleister

Landschapspijn. It wurd dûkte foarich jier op yn in stik fan sjoernalist Jantien de Boer yn de Ljouwerter Krante. Se miste de fleurige greiden mei harren blommen en fûgels. Yn stee dêrfan seach se ‘een woestijn van Engels raaigras’ dat de boeren fan har lânskip makke hienen. En dat die sear.

Boeren reageerden as troch in wesp stutsen. Se fielden harren oanfallen troch Jantien en ûnterjochte beskuldige fan fernieling fan it lânskip. Ek dat die sear.
It stik kaam ek op in momint dat der hieltyd mear krityk op de agraryske sektor kaam, wylst de boeren troch de lege molkpriis gjin sint fertsjinnen en yn grutte ûnwissens wiene oer it fosfaatbelied. Se wurkje hurd oan sûn en feilich iten sûnder dat dat wurdearre wurdt yn jild en respekt. Yn stee dêrfan liket it wol dat eltsenien tsjin de boeren is. ‘Afzeikpijn’, hearde ik op in boerengearkomst.
Jantien skrok fan de reaksjes en ferdjippe har mear yn de matearje. Se prate mei boeren en hearde harren grutskens. Grutsk op de Nederlânske molkféhâlderij dy’t wrâldferneamd is troch de sûne molke en de kunde fan de boeren en in wichtige spiler is foar de ekonomy yn ús lân. Grutsk ek op harren fé en it lânskip wêryn’t se buorkje en dat se ûnderhâlde. En ja, ek in protte boeren ha lest fan lânskipspine. Want ek sij fernimme dat de greidefûgels it dreech ha en dat it hieltyd stiller wurdt yn it fjild. En se fertelden Jantien oer de spagaat wêryn’t de lânbou sit: dat minsken goedkeap iten ha wolle en tagelyk easkje dat de boeren minder yntensief buorkje. Ik bin net sa linich en ha noch nea yn in spagaat sitten, mar ik ljeau sa dat dat net noflik is.

No kinne we nei in oar wize en sizze dat dy de skuld hat, mar we kinne der ek mei syn allen wat oan dwaan om de pine te fersachtsjen. En dat bart, ek yn It Heidenskip. Der komme wer mear kij yn it lân en hjir en dêr giet it wetterpeil omheech sadat de fûgels wat makkeliker bij harren fretten komme kinne. Net alle lân wurdt tagelyk meand, sadat de fûgels yn it lange gêrs flechtsje kinne mei harren piken. Boeren soargje sa mei inoar dat der romte bliuwt foar de greidefûgels.

Ysbrand Galama is al 10 jier fjildmeiwurker yn it grutte ûndersyk fan de Rijksuniversiteit Groningen en sjocht dat de skriezen no harren paad fine nei de ‘plasdrassen’ yn it Heidenskip. Dit binne stikken greide wêr’t yn de iere maaitiid wetter op setten wurdt en dy’t sa in grutte ‘trekpleister’ binne foar allegear fûgels. De fûgels kinne der har aaien útbriede sûnder stoard te wurden troch in meanmasjine (wol troch foksen en oare rôvers trouwens, dat is in ferhaal apart) en it krûdige gêrs sit fol mei migjes foar de pykjes. It binne lytse paradyskes, mar foar de boeren smyt it gjin gers op foar it fé. Dat sille se op in oare wize keapje of ferbouwe moatte en dat jild moat earne wei komme.

Der komme hieltyd mear boeren dy’t in stikje natoer yn harren bedriuwsfiering meinimme. Soms yn it grut troch om te skeakeljen op biologyske lânbou, mar faker noch minder yngripend. ‘Natuurinclusieve landbouw’ wurdt dat neamd. At eltse boer in bytsje mear om de natoer tinkt en dêrfoar ek wurdearre wurdt, is dat in tútsje en in pleister op de ‘landschapspijn’ en op de ‘afzeikpijn’. Twa miggen yn ien klap, hoe moai kin it wêze.

Foto’s en in reportaazje oer it skrieze-ûndersyk en in besite oan de Wolvetinte binne te sjen op www.it-heidenskip.nl

(juni 2017, geschreven voor Heidenskipster dorpskrant De Buurtsboade)

 





<< Terug

Artikelen

  • Pleister
  • Mijlpaal
  • Landschapspijn
  • Gezond boerenverstand
  • Engelengeduld
  • Communicatie
  • Verbinding
  • Kleinschalig werkt
  • Moederdag
  • Vrijheid
  • Uitvaart
  • Los
  • De Ryp
  • De avonturen van een schrijver



  • 2013 Ida Hylkema - Makke troch Roelof Fopma.nl